Speel-in mei Hindrik van der Meer (26/12)

Speel-in op 26 desimber 1972

Speel-in op Twadde Krystdei yn de Martiny-Tsjerke fan Easterein
13.00 oere     Ynrin foar dielnimmers
17.00 oere     Meisjong konsert foar elkenien
 
Oant 1994 wie de ‘Speel-in’ mei de Krystdagen in begryp yn Fryslân. Fyftjin kear organisearre Hindrik van der Meer mei syn studinten fan de Snitser Pabo op de middei fan de Twadde Krystdei dy sjongerij. It begûn yn 1972 yn Goaïngea, yn it pleatske fan de famylje Van der Meer. Fan healwei twaën oant fiven waard mei elts dy’t der op ôfkaam studearre op de lieten. By de groepsrippetysjes spilen de muzykstudenten in foarname rol. Om fiif oere koe elts yn it doarpstsjerkje it risseltaat beharkje. Hiel bysûnder wie de meiwurking fan it hiele doarp. Yn it skoft koene de dielnimmers nammentlik kofje of tee drinke by de Goaiïngeasters thús. In stjer foar it rút joech oan hoefolle minsken ferwachte waarden.

Nei fiif kear wie de belangstelling sa grut dat it yn Goaiïngea net mear koe. In tal jierren waard it barren doe oerslein, mar op oantrún fan de boargerlike gemeente ferhuze de “Speel-in” nei it gruttere Blauhûs. It ynstudearjen waard dien yn doarpsherberch “De Freonskip” en de útfiering foar publyk wie yn de prachtige grutte Sint-Vitustsjerke.

Dochs wiene ek yn Blauhûs de dielnimmers nei fiif kear net mear te bergjen en fûn de Speel-in nij ûnderdak yn Warkum.It ynstudearjen fûn plak yn “De Klameare”, en de útfiering wie dêr te beharkjen yn de Grutte of Sint-Gertrudistsjerke.

It bekende Kwartettekoar dat ûnder lieding stiet fan Van der Meer en in soad betsjut foar it oandragen fan nij Frysk materiaal yn de sneinske earetsjinst, wol de “Speel-in” noch in kear organisearje. It barren sil holden wurde yn Easterein yn de bysûndere Martinytsjerke, mei stipe fan de tsjerkemienskip en nei ferwachting fan it hiele doarp.Der wurdt ien- en mearstimmich songen mei help fan de sjongers fan it Kwartettekoar. Net allinne Krystlieten yn ferskillende talen en kulturen stean op it programma, mar ek lieten út Taizé en Iona. Fansels sille lieten út de eardere Speel-in-tiid klinke, sadat it foar de dielnimmers fan doe in “Feest der herkenning” wurdt. Sjongers wurde ferwachte tusken ienen en healwei twaën en wa’t it risseltaat beharkje wol en syn stim ek hearre litte wol is om fiif oere tige wolkom!

Laat wat van je horen

*