Hûs om stil te wurden

Ut strjitten baltend en balstjoerich
ha ik in wei, in taflecht socht;
ik fûn, it hert benaud en roerich,
in timpel boud út ademtocht.
Ut floed fan wurden bin ik kommen,
om tichter bij de kleare wel;
net om mij del te jaan yn slomme
mar stil te wêzen yn mijsels.
Hjir is de taal net blyn fan hate
en sjoch ik wa’t ik werklik bin,
yn stilte dy’t befrijt, ûntwapent:
in stim dy’t sprekt fan djipper sin.
It feilich masker mei trochmidden,
ik toan mijsels in wier gesicht;
wylst – iepenlizzend – hannen bidde:
ûntfangend, warleas, flinterlicht.
Ik fiel mij nijbetocht, feroare,
it yl, de siel alhiel trochblet;
ik gean, wer mins as oait tefoaren,
de wrâld yn mei in sjongend hert.
(E.Dam)