Nije bedriuwslieder

Ofrûne woansdei 4 septimber is Peter van den Broek begûn mei syn wurk as bedriuwslieder foar Nijkleaster. Hy sil him rjochtsje op de fierdere ûntwikkeling en profesjonalisearring fan de organisaasje en sil him benammen dwaande hâlde mei operaasjes, frijwilligersbelied, jild sammeljen en marketing & kommunikaasje. Peter van den Broek is al mear as 25 jier aktyf as ûnôfhinklik marketingkommunikaasjeadviseur.

Gea van Wieren: “Wy binne as kleasterried/bestjoer tige bliid mei de komst fan Piter. Syn kennis en ûnderfining binne tige wolkom by de fierdere ûntwikkeling en realisaasje fan de takomstplannen fan Nijkleaster.”

Leave a Reply

Jo e-mailadres sil net publisearre wurde. Ferplichte fjilden binne markearre *