Beskriuwing
Dit boek, "Sillich Ienfâld", rjochtet him op 'e acht sillichsprekingen fan Jezus. Dit binne de iepeningswurden fan Jezus syn earste preek, de Berchrede, wêryn't hy de essinsje fan syn leauwe en de basisprinsipes foar in lokkich, sillich libben formulearret.
De essays yn dit boek binne skreaun troch Hinne Wagenaar. It binne persoanlike refleksjes, skreaun
tsjin de eftergrûn fan sân jier pionierwurk mei Nijkleaster, it nije kleasterplak yn Jorwert, dêr't nije paden foar leauwe en spiritualiteit ferkend wurde.
De auteur sjocht Nijkleaster as ûnderdiel fan in neo-monastike beweging, dêr't Bonhoeffer al yn 1935 nei ferlangde: 'De tiid is kommen om minsken byinoar te bringen foar in nij soarte fan monastisisme, wêryn't in libben neffens de Berchrede sintraal stiet.'
Hinne Wagenaar (Nijemirdum, 1962) is sûnt 2012 as pionierpredikant ferbûn oan de pionierslokaasje
Nijkleaster en oan de tsjerkemienskip fan Westerwert yn Jorwert en omkriten.






Resinsjes
Der binne noch gjin resinsjes.