Kleaster sound 16, 2021

kleasterfjoer
Moarnsfeesten
Kleaster sound 16, 2021
Loading
/

Ynformaasje

Tekst: 'Fol fertrouwen' út de kolleksje 365 meditaasjes fan Henri Nouwen (Lannoo, 2017, 112)

Bibellêzing: MARCUS 6: 1-6 (NBV en Fryske Bibel)

Muzyk: Miserere mei Deus (Allegri) útfierd troch it koar Tenebrae ûnder lieding fan Nigel Short

Woansdei 30 juny 2021

Yn 'e lêzing fan hjoed hearre wy dat Jezus net yn steat wie om wûnders te dwaan yn syn eigen stêd, omjouwing, famylje. Se namen him mislik, der wie argewaasje en skepsis. Fanwegen dat gebrek oan fertrouwen koe Jezus net folle dwaan foar oaren. Hy koe amper wûnders dwaan.

Wy kinne in wûnder begripe as in nije iepening, in kâns om te feroarjen. Mentaal of fysyk ferbetterje, groeie yn minskewêzen.
Henri Nouwen skriuwt dat it leauwen net sasear giet oer it akseptearjen fan eat dat wy net kinne begripe, mar oer it betrouwen dat wy leaf en leaf binne. Leauwe, 'pistis' giet oer fertrouwen, betrouwen. Dat troch de leafde wat mooglik wurde kin dat der noch net wie.

De fraach hjoed is oft wy sels leauwe en fertrouwen hawwe yn feroaring, transformaasje, wûnder. En hat dat wat te krijen mei ús omjouwing en famylje? Hawwe wy leard en fertrouwen krigen binnen ús famylje?

Ynskriuwe: RSS Spotify

2 reaksjes op “Kleaster sound 16, 2021”

  1. Wine Steenberg=Heeroma avatar
    Wyn Steenberg=Heeroma

    Tank foar it nije kleastergelûd, sadat ik der ek as (herstellende) siik by wêze koe! Ien opmerking: ynstee fan it oankundige “Nim my, nim my sa't ik bin” waard ús ferteld “Veni, sancte Spiritus”.

  2. Klarinda de Witte-Jensma avatar
    Klarinda de Witte-Jensma

    Tankewol, harke nei Sound 16

Leave a Reply

Jo e-mailadres sil net publisearre wurde. Ferplichte fjilden binne markearre *