Jo winkelkarre is op it stuit leech!

Nijkleaster is oanwêzich op de Floriade 2022 yn Almere. Wy organisearje dêr twa kear yn de moanne in fiering en in kuier út de Tiny Church (lytse tsjerke) dy't oan de Floriade boud is. De Floriade is iepen fan 14 april oant en mei 9 oktober 2022. De (lânbou)tentoanstelling hat de tematyk duorsum bouwen en it betinken fan oplossingen om ús stêden en doarpen leuker, moaier en duorsumer te meitsjen. D'r is in mannichte oan ideeën foar duorsum wenjen te sjen, lykas prachtige tunen. De 'hiele wrâld' is der. It is tige wurdich te sjen!
Foar Fruitful City is in part fan de Floriade opset. Dit is in inisjatyf fan tweintich pleatslike tsjerken yn Almere, mei ien en itselde doel: de skientme fan de natuer sjen litte en it ferhaal fan Gods skepping diele mei de besikers fan de Floriade.
Om de oare wike giet in ploech út Nijkleaster nei de Floriade om tusken 13.00 - 14.30 oere in feest yn Nijkleaster styl te organisearjen en dan kuierje wy by de Floriade troch it oerbosk. De ynspiraasje foar de tekst krije wy út de bylden 'Trouw' en 'Meekheid' dy't yn de tún fan Fruitful City steane.
Nijkleaster is oanwêzich by de Floriade op: 7 en 23 juny, 5 en 21 july, 2, 18 en 30 augustus en 15 en 27 septimber, altyd fan 13.00 oant 14.30 oere. Jo binne wolkom om dêr ek mei te dwaan oan de fiering en kleasterkuier en fansels om de hiele Floriade te besjen.

Leave a Reply