Jo winkelkarre is op it stuit leech!
Op beide krystdagen dit jier stjoert KRO-NCRV it bysûnder sfearfolle krystfeest út op televyzje, fanút de midsiuwske Redbadtsjerke yn Jorwert. Op freed 25 desimber 2020 wurdt With heart and soul útstjoerd op NPO2 fan 16:10 oere ôf. It feest wurdt sneontemoarn 26 desimber fan 8.10 oere ôf útstjoerd ek op NPO2. In smaak fan de…
Krystfeest mei hert en siel Dit bysûndere jier sil it krystfeest foar in protte ek oars wêze as oars. Net ynpakt yn in ferwaarme tsjerke foar krystnacht. Net stralend optein mei bern dy't boartsje en sjonge op krystmoarn. Nee, wy binne thús en sjogge de ferskate feesten fia ús skermen. Yn it ljocht fan…
Dizze tsjerkemoarn waard njonken it Frysk en it Nederlânsk ek Ingelsk as haadtaal brûkt. Dat hie te krijen mei de jierlikse besite fan studinten Meartaligens (BA-oplieding Minorities & Multilingualism) oan Nijkleaster. Se diene mei oan de fiering en de ynlieding en krigen dêrnei lêzingen fan Hinne Wagenaar, wylst de oare Nijkleastergongers in kuier giene. Yn de…
Underweis nei de twadde snein fan Advint, fan 30 novimber oant en mei 6 desimber, kinne jo op Nijkleaster meidwaan oan de folgjende aktiviteiten: Woansdei: kkleastermoarn (ynkl. kuierjen), fan 9.30 oere ôf. Freed: Ferbining op Freed (foarsichtich lêze) fan 19.30 oant 20.30 oere Snein 2e Advint: tsjerketsjinst, fan 9.30 oere
De Jorwerttsjerke is op snein 22 novimber iepen fan 11.00 oant 18.00 oere. Op dizze lêste snein fan it tsjerkejier betinke wy de ferstoarne minsken. Dit jier net by in sintrale fiering, mar foar elkenien yndividueel. De tsjerke wurdt klearmakke foar betinking: muzyk, kearsen en frijwilligers. Wês elkenien, sels as famylje ...