1000th Visitor útstalling

Tûzende besiker by útstalling
“Jentsje Popma – keunstner mei in missy”

Untfangst fan 1000e besiker

Woansdei 30 juny waard de tûzenste besiker wolkom hjitten yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Dat is amper twa wiken nei de iepening fan de tentoanstelling mei wurk fan Jentsje Popma.

De tûzenste besiker is frou Rigt Struiksma út Ljouwert. Sy is lid fan de Jakobynske mienskip en hat jierrenlang lid fan de tsjerkeried. Tafallich wennet har pakesizzer Erik Struiksma no yn ien fan de apparteminten yn it eardere atelier fan Jentsje Popma oan de Potlegerwal.

Op de foto jout Alex Riemersma , foarsitter fan de Stifting Nijkleaster, oer oan mw. Rigt Struiksma blommen en it boek “ Jentsje Popma – keunstner mei in missy ”. Op de eftergrûn Rob Tigchelaar , sekstonmanager fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert.