100 Hynsteblommen – fotoprojekt

Jentsje Popma hat yn 2013 syn monumintale wurk 'de Hynsteblom' oan Nijkleaster skonken. Meikoarten krijt de Hynsteblom fan Jentsje Popma, dy't jierrenlang oan de bûtenmuorre fan Pabo Mariënburg oan Achter de Hoven yn Ljouwert hong, in prominint plak op de bûtenmuorre fan Westerhûs, it nije kleaster Nijkleaster yn Hilaard. It is no sels keazen as logo fan Nijkleaster.

Dit joech my it idee om in fotoprojekt fan de Hynsteblom te meitsjen. Yn myn funksje as 'connector' tusken Nijkleaster en ROC Friese Poort - binnen it Practoraat Brede Vorming - haw ik kontakt hân mei de kursus fotografy by de OntwerpFBRK fan ROC Friese Poort Drachten. Learaar Burney Kielman hat meiwurke west om dit ûnder de oandacht fan learlingen te bringen en har út te daagjen om foto's fan 'e paardenbloem te meitsjen. En it hiele projekt is realisearre mei in finansjele bydrage fan de Brede Underwiispraktyk.

Yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert steane - neist de prachtige keunstwurken fan Jentsje Popma - ek 100 unike foto's fan Paardebloemen. Dizze foto's wurde printe op panielen fan 20×20 sm. Learlingen en learkrêften fan de OntwerpFBRK fan ROC Friese Poort en frijwilligers út Nijkleaster hawwe de foto's makke.

Sa steane der no 100 Hynsteblommen yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert foar de hast 100-jierrige Jentsje Popma!
Jo binne fan herte wolkom om te sjen.

Sietske Visser
juny 2021