De kleasterkuier op woansdei bestiet sûnt de oprjochting fan Nijkleaster yn 2012. Elke woansdeitemoarn komme minsken fan fier en hein yn de tsjerke fan Jorwert by-inoar foar it programma fan de kleastermoarn: moarnsfiering; kofjedrinke; de kleasterkuier sels en in lunch ta ôfsluting (09:30 oant 12:30 oere). Bewust is keazen foar in dei midden yn ’e wike om sa de fanselssprekkendheid tusken snein en leauwe te ferbrekken. Bewust geane wy ek altyd nei bûten ta. Leauwe liket him faak ûnder dak ôf te spyljen: yn tsjerke, synagoge, timpel of moskee. Troch nei bûten te gean wurde leauwe en spiritualiteit ferbûn mei de hiele skepping: sinne en rein, blommen en beammen, minsken en bisten, lichem en holle. Troch nei bûten te gean erfare de rinners de hieljende wurking fan de natuer.
De kleasterkuier folget in fêst patroan: stilte, besinning en ferbining. De kuier begjint mei stilte. Nei de moarsfiering en it kofjedrinken binne der alwer genôch wurden sprutsen. It is dan goed om wer stil te wurden en alles besinke te litten. Yn it twadde diel krije de dielnimmers in fraach ta besinning mei. Dy fraach grypt meast werom op ien fan de teksten dy’t klonken hawwe yn de moarnsfiering en is bedoeld as help om de ynhâld tichter by de minsken te bringen: hoe tinksto hjiroer, wat betsjut dit foar dyn libben? Yn it tredde part wurde de dielnimmers útnûge om mei immen op te rinnen. De dielnimmers krije lytse geastlike oefeningen om te uterjen wat der yn harren libbet en tagelyk om goed te harkjen nei wat der yn in oar libbet. It is in oefening yn uterjen én harkjen.
Werom yn tsjerke wurdt der in kring makke. Under it iten wurde de opdiene erfaringen fan de moarn dield: Wat de stilte, besinning en ferbining dien hawwe, wat in tekst oproppen hat, hoe’t immen omgien is mei de besinningsfraach. Yn it earst jier kaam der in frou (se rûn rjochting de 90 jier) op my ta en sei: ‘dûmny, no ha ik foar it earst yn myn libben myn eigen preek makke. Earst ha ik de tekst heard, doe ha ik in besinningsfraach krigen en deroer neitocht. By de kuier koe ik myn eigen gedachten formulearje en tagelyk goed harkje nei myn kuiergenoat. En by it iten ha ik noch wer nije perspektiven opdien. No kin ik sa ûngefear myn eigen preek meitsje. Tankjewol!’
Doe wisten wy dat wy op de goede wei wienen mei ús kleasterkuier. Wy dogge as Nijkleaster sels net safolle. Wy biede in programma oan, besykje in feilige romte te kreëarjen en litte God sels it wurk dwaan’. Sa is elke kleasterkuier elke wike wer in ferrassende pelgrimaazje fan hert en holle, fan lichem en siel.
ds. Hinne Wagenaar


Geef een reactie